![]() |
|
|||||
| Spannum, mei it C.M.V Oranje Mei in korps spylje is altyd moai, sa hjir yn Spannum spylje we op it wetter. Sjoch hjirby inkele foto's (09-05-2009) Aaipop 2009 Prachtig waar en in soad muzyk, ik kin net better. Sjoch hjirby inkele foto's (18-04-2009) Optreden mei 'Studio' it Heidenskip In goed begjin fan 2009. Sjoch hjirby inkele foto's (04-01-2009) Benefyts konsert yn Snits In oantal jierren lyn hat de studintenferiening Bernlef de fryske film ' Kameleon' makke as protest tsjin de nederlans talige. Der hat de feriening in boete foar krigen en troch ferskate aksjes moat it jild ferstjinne wurde. Ien van de aksjes is in benefyt konsert yn Snits. Wij dogge fergees mei foar it goede doel. Sjoch hjirby inkele foto's (24-08-2008) Iepenloft optreden Wommels Einliks wer ris efkes spyle mei de hiele band. Alhoewol it yn wommels net drok wie, wie it foar us hielendal top. Sjoch hjirby inkele foto's (21-05-2008) Sebeare Nei in perioade fan hast 15 jier Sebeare en fjouwer cd's fjirder ha wij ús berieden hoe wij fjirder sille. Eltsenien hat ek in soad oare drokte neist de band en dan is it dreech om wykliks dwaande te wezen mei nije nûmers. We ha besletten earst net mear mei nij materiaal te kommen.... MAR WE HALDE NET OP! Jierliks sille we in pear optredens dwaan en der kinne we dan alle enerzjy yn stopje. We sjogge jimme dus ynkoarten bij in optreden. We binne noch dwaande mei inkele optredens dus hâld de agenda yn de gaten! (22-03-2008) Slachte festifal Ek no wer in butendoar konsert. De hiele dei dikke plensbuien mar tidens it festifal wie de loft net te leauwen blau. Hjir inkele foto's fan it optreden. (26-05-2007) Optreden mei de brassband fan rinsumageast Sneon te middei ha we buten spile mei de brassband fan rinsumageast 'Soli deo Gloria' . Oanslutend in geselllige barbeque. We ha sels net foto's makke, as der noch minsken binne dy't wol makke ha stjoer se dan op nei info@sebeare.nl. (02-07-2007) Heechspanning It soe sok min waar wurde mar it waard in machtige dei. Hjir inkele foto's fan it optreden fan Sebeare. (26-05-2007) Klipkar+ Op Aaipop binne opnamen makke fan ferskate bands. Dizze clips binne no te sjen op Omrop Fryslan yn it programma Klipkar+. Do kinst no dyn sim utbringe op Sebeare www.omropfryslan.nl/TV_Klipkar+.aspx (16-04-2007) Aaipop 2007 It peaske wykein mei Aaipop as hichtepunt is wer foarby. Besjoch de 100 foto's dy't makke binne fan it optreden fan Sebeare. (10-04-2007) Klipkar Jouw dyn stim ut op Klipkar+ www.omropfryslan.nl/TV_Klipkar+.aspx En stim op de klip: Lit us gean. (19-02-2007) Sebeare op Hyves Sebeare hat neist dizze webside ek in eigen hyves adres. Sjoch op www.sebeare.hyves.nl en wurdt in echte freon fan sebeare. (19-02-2007) Aaipop yn Nylan It is wer safier. Sebeare komt wer nei Nylan. Wij binne te sjen en te hearen op peaske moandei tusken 21:00 en 22:00 yn de ' tenefter tinte' (12-02-2007) Stim no wer op Sebeare Bring dyn stim út op de Fryske top 100 en set 'Mear as my' fan de nijste cd fan Sebeare op it earste plak. Lústerje hjir nei it nûmer 'Mear as my' en bedankt foar dyn stim. Resinsje Bolswarder Nieuwsblad Yn de Bolwarder Courant is in resinsje te lezen fan de nije cd 'net te leauwen blau'. Se ha der in soad ferstan fan!!! sjen (19-10-2006) Optreden Cafe Scooters Ofrune snein ha we spile yn cafe scooters yn Drachten. Sjoch de foto's (23-09-2006) Resinsje yn de Leeuwarder Courant De Leeuwarder Courant hat ofrune wike in resinsje fan de cd pleatst. Besjoch it knipsel ut de Leeuwarder Courant fan 22 septimber. (23-09-2006) Unyke lokaasje yn it maisfjild Bij in bedriuwsfeest fan de Friesland Bank ha we spile yn it mais. In prachtige lokaasje. Sjoch de foto fan de Leeuwarder Courant fan 22 septimber. (23-09-2006)
cd presintaasje De nije cd is dit wykein presentearre yn Easterein en yn de theatertun fan Riis. Sjoch de foto's fan Easterein en fan Riis Sjoch foar foto's fan sneon yn Easterein ek op www.cafebergsma.nl (18-09-2006) It meitsjen fan de cd is hanwurk De cd's wurde no yn elkoar setten foar de presintaasje. It is in soad hanwurk mar dan is it ek wat. Sjoch de foto's. (11-09-2006) Belústerje no de radiospot Om de cd presintaasje ûnder de oandacht te bringen hat Remon (de rapper) in radio-track makke en sil de leste wike foar de presintaasje útstjoerd wurde op Waterstad FM. Lústerje mar. (623 kb) (08-09-2006) De nije cd kin alfest besteld wurde De nije cd 'net te leauwen blau' is al te bestellen via de side. Fansels is it geweldich datst op de presintaasje komst mar foar eltsenien dy't ferhindere is en fansels wol sa gau as mooglik de cd ha wol kin NO alfest bestelle. Dan falt de cd op 16 septimber bij dy op de matte. Stjoer mij de nije cd (08-09-2006) Optreden Hichtum net troch It lúster konsert yn it Tsjerkje fan Hichtum dat op 26 novimber plak fine soe giet net troch yn ferban mei it ferstjerren fan de organisator Aart Romeyn. (04-09-2006) Foto's foar it hoeske fan de cd binne makke De foto's nedich foar it hoeske binne 15 augustus makke. We ha selts ek inkele foto's makke en dy kinst hjir besjen. foto's (17-08-2006) cd presintaasje ek yn de theatertun fan riis De presintaasje fan de nije cd is 16 septimber yn Kafee Bergsma yn Easterein. Derneist ha we in twadde presintaasje 17 septimber yn de theatertun yn riis. (09-08-2006) cd presintaasje Sa't jimme witte binne we drok dwaande mei de opnamen fan ús fjirde album. De presintaasje sil no plak fine op 16 septimber yn Kafee Bergsma yn Easterein. Jimme sille der noch wol mear oer hearre mar set de datum alfest mar yn de aginda. Sjoch de foto's makke yn de studio. (11-07-2006) Fryske top 50 Sebeare is yn de Fryske top 50 eindige op it 35e plak mei it numer ' lit us gean' . Op it earste plak is eindige 'Frysk Hynder' fan Griet Wiersma. Wolst de hiele list sjen gean dan nei www.frysketop50.nl (05-06-2006) Foto's fan de studio We binne wer yn de studio om de twadde helte fan de numers op te nimmen foar us fierde album. We gean der fan ut dat de presentaasje ein September weze sil. Sjoch de foto's. (01-06-2006) Fryske top 50 Do kinst dyn stim wer útbringe foar de njoggende Fryske Top 50. www.frysketop50.nl Dit kin oant 26 maaie. Foarich jier stie Piter Wilkens op nûmer 1 mei it nûmer ' It paad werom'. Dit jier kin Sebeare der stean.. (23-04-2006) Foto's fan it optreden yn Menaam Alwer in slagge jûn mei in fanfare. By de 'after-party' waard sels styl dûnse. Sjoch de foto's. (19-03-2006) Earste cd útferkocht De earste cd 'frjemd sa't it liket' is hielendal útferkocht. Yn koarten sil dizze cd kompleet as mp3 op de side ferskine. (14-01-2006) Sebeare mei fanfare Bist nijsgjirrich hoe Sebeare klinkt mei fanfare? Lústerje dan nei de opnamen fan it nûmer ' foar nimmen net genôch' (4MB) spile troch Sebeare en de fanfare Wilhelmina út Easterein. De opnamen binne al makke op 25-10-2003 . (12-12-05) 'T Haske yn Balk Undanks dat ' De Fryske Dei' net hiel goed besocht wie, wie it wol in hiel slagge optreden. Sjoch bij " foto's " (30-11-05) Fryske Top 100 Ek dit jier kinsto wer stimme op de Fryske top 100. Surf nei www.omropfryslan.nl , sykje de Top 100 op en jou dyn favorite Top 5 en set ' lit ús gean' fansels op nûmer 1. Eltse tritichste stimmer kriget wer in Fryske Top CD kado! En op âldjiersdei is der noch in ekstra ferrassing. (22-11-05) Muzikaal optreden mei de fanfare Advendo Tegearre mei de fanfare Advendo (Boksum, Deinum en Blessum) ha we in prachtige jûn han. De jûn stie yn it teken fan it 55 jier bestean fan it korps. Sjoch: " foto's " Wij sjogge graach in reaksje yn ús gasteboek. (06-11-05) Lúster konsert yn Hichtum in Hichtepunt Mei hast 70 besikers wie it tsjerkje fan Hichtum goed besocht. Spesjaal foar dit optreden wie it hiele spul 'unplugged' en dat jout altyd in goede sfear. Sjoch: " foto's ". Sjoch ek it stikje wat stien hat yn it ' Bolsward Nieuwsblad'. (kranteknipsel) (17-10-05) Nacht fan Nylân Sjoch: " foto's " (30-09-05) Waarm optreden yn Berlef (grins) In super gesellich optreden mar wat in hitte . Sjoch: " foto's " (21-08-05) Teksten Fanof no binne de teksten ek del te heljen fan de trije cd's. Sjoch by CD's. (20-07-05) Opnamen We binne wer starten om de nije nûmers op te nimmen. De Fjirde cd sil ein dit jier útkomme. Sjoch foto's. (14-05-05) Popskuor Op 6 maaie binne in oantal leden fan Sebeare te gast yn it radio programma 'popskuor'. (01-05-05) Fryske top 50 Ferjit net dyn stim út te bringen bij de frysketop50 (06-04-05) AAIPOP. SUPER: sjoch de fotos: fotos fan aaipop Ek is de nije singel 'mear as my' no te bestellen. sjoch by 'cd's' (29-03-05) De nije Singel is klear. De nije singel 'Mear as my' is dan einliks klear en moandei 21 maart is it te keap yn'e winkels. Ek radiostjoerders sille binnenkoart fersjoen wurde dus we hoopje dat jimme it resultaat fia de radio bewûnderje sille. (19-03-05) Sfeerfol optreden mei 'De Bazuin'. It wie in gesellich en sfeerfol optreden mei it korps fan Tsjummearum 'De bazuin' . Sjoch ek: " foto's " (27-02-05) Taaltrotters-projekt (2) Sebeare wie frege om in liet te skriuwen foar in spesjaal projekt oer taal, it "taaltrotters projekt". Dizze cd-single 'Taaltrotters' is op 27 jannewaris presintearre oan de learlingen út it earste learjier fan de skoalle CSG Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer. Helaas foar de fans is de cd net te keap. Sjoch by it kopke MEDIA foar in kranteknipsel fan de Leeuwarder Courant. Sjoch ek : foto's. (03-02-05) Opbringst foar Azië De opbringst foar Azië wie 12.750 EUR. Dizze grutte opbringst is ek te tankjen oan de gemeente Boalsert dy't foar elke ynwenner 1 euro yn de pot die. Eltsenien dy't der wie bedankt ! (20-01-05) Konsert foar Azië Freed 7 jannewaris sil Sebeare meidwaan oan in konsert foar Azië. Hjir wurkje belangeleas de bands: Blue Shiver, Om'e Noard, Clinch en Herman Erbe (foarhinne Circus Custers) oan mei. De presintaasje is yn hannen fan Simone Scheffer fan Omrop Fryslân. It jild dat byelkoar brocht wurd sil gean nei Giro 555. (02-01-05) Fryske top 100 Sebeare is mei it numer 'Lit us gean' eindige op in 19e plak. Bedankt foar it stimmen. (02-01-05) Studio opnamen Wij binne 20 en 21 Novimber de studio yn west. We ha twa nûmers opnommen. Ien liet foar it projekt 'Taaltrotters' en de oare foar ús cd-single mei it liet 'Mear as my'. Wij hoopje dat jimme yn January dizze cd-single op de radio hearre sille. Sjoch: studio foto's. (21-11-04) Fryske top 100 Jimme kinne wer stimme op de FRYSKE TOP 100. Jou jimme top 5 op fia www.omropfryslan.nl en stim op Sebeare (01-11-04) Taaltrotters-projekt Sebeare is frege om in liet te skriuwen foar in spesjaal projekt oer taal, it "taaltrotters projekt". Wij binne no drok dwaande mei it skriuwen fan in nûmer. Opnamen hjirfoar sille ek ein Novimber plak fine en de presintaasje is yn January 2005. (09-10-04) cd single Wij sille ein Novimber de studio yn foar opnamen fan ús cd-single. Dit hiene wij ek al oankundige by it programma 'No Nynke' mar it sil dan no útfiert wurde. Wij hâlde jimme op'e hichte. (09-10-04) Nacht fan Nylan In gesellich optreden yn Nylan. Sjocht foar foto's by "optredens" (25-09-04) Slachte kuiertocht Sneon 12 Juny ha we spyle mei it korps fan Easterein bij de Slachte kuiertocht. Undanks de foarspelde rein ha we moai waar hân wat resulteerde yn in gesellige sfeer. Omrop Fryslân hat opnamen makke dy't sneon en snein te sjen wiene op de tillevyzje. Gean nei "optredens" foar foto's. (13-06-04) Offisjele oergong fan âlde nei nije formaasje De offisjele oergong fan de âlde nei de nije formaasje foar it eigen publyk yn Easterein wie woansdei 19 maaie. Sawol Folkert as Auke ha nûmers songen en ek gitarist Mennald wie wer efkes fan de partij. Ut namme fan Sebeare bedankt foar jimme meiwurking. Gean nei "optredens" foar foto's. (25-05-04) Foto's fan de bandleden Bij in nije formaasje hearre nije gesichten. We ha foto's meitsje litten fan us as band mar ek fan alle bandleden apart. Dus as jimme foto's en eftergrun fan de bandleden sjen wolle gean dan nei de link bandleden. (10-05-04) Sebeare yn Thialf It optreden yn Thialf op 24 april wie geweldich. Gean nei "optredens" foar foto's. (25-04-04)
|
||||||
![]() |