Nijs   |   Optredens / Foto's   |   Facebook   |   Oer Sebeare   |   Muzyk   |   Webwinkel   |   Ynfo
  Biografy

<<<<<<<<<<Werom<<<<<<<<<<<<werom <<<<<<<<<<<<<<<werom <<<<<<<<<<<<werom <<<<<<<<<<<<

Yn 1992 wurdt de basis lein fan de Fryske band Sebeare. De band bestiet dan út in oantal klasgenoaten dy't oan de feart de 'Sebeare' wenje dy't troch it doarp Easterein rint. De muzyk dy't spile wurdt binne earst allinne Ingelske en Nederlânske 'covers'. Mar yn 1995 begjint de band de earste eigen nûmers te skriuwen. Yn 1997 kriget Sebeare wurdearring foar de eigen muzyk troch it winnen fan 'Liet'97'. Mei troch dit sukses wurde langsum de covers ferfongen troch eigen nûmers.

We ha de skiednis yn lytse stikken knipt mei de lêste skiednis boppe.


2006 oant no

Nei in perioade fan hast 15 jier Sebeare en fjouwer cd's fjirder hat sebeare har berieden hoe de band fjirder sil. Eltsenien hat in soad oare drokte neist de band en dan is it dreech om wykliks dwaande te wezen mei nije nûmers. Der wurdt besletten earst net mear mei nij materiaal te kommen.... MAR SEBEARE HALD NET OP!

Jierliks sil de formaasje in pear optredens dwaan en der alle enerzjy yn stopje.


2004-2006

Alhoewol in oantal bekende Fryske bands yn 2004 de ynstruminten yn de wylgen hingje giet Sebeare gewoan troch. Mar der feroaret wol wat. De sjonger fan Sebeare Folkert Rients Vellinga dy't fanôf it alderearste begjin diel útmakke fan dizze Frysktalige band is ophâlden. Ek de gitarist Mennald van der Eems hat besletten op te hâlden. Beide bandleden sizze oare prioriteiten te stellen en ha derom de beslissing naam te stopjen.

De nije sjonger is Auke Bootsma dy't hjirfoar sjonger wie fan de cover-band 'No Rules'. De gitaar is ferfongen troch piano en wurdt bespile troch Hendrik Talsma. De band lit goed fan har hearre want se spylje selts yn it foar programma fan BLØF yn Thialf. Ek wie Sebeare te gast yn it tillevyzje programma 'No Nynke' fan Omrop Fryslân.

Mei dizze nije formaasje is de studio yndûkt om wer nij materiaal op te nimmen. Dit is it begin foar in nij album. Yn 2006 komt de nij plaat ut mei de titel ' net te leauwen blau'.

 


2002-2003

Sebeare wurdt yn dizze perioade programeare op de gruttere festivals yn de provinsje. Grut sukses hat Sebeare ek op it 'Noord Nederlands Liedjesfestival 2002'. Yn in daverjende finale yn Grins eindiget de band op in twadde plak. It kin dan ek net útbliuwe en Sebeare komt yn 2003 opnij mei in CD. It útbringen fan dizze CD falt hiel treffend gear mei it tsien jierrich jubileum fan de formaasje.

Mei it útbringen fan de tredde CD ûnderstreket Sebeare it sukses fan harren tsien jierrich bestean. Ek bewize de sân muzikanten opnij har unike posysje yn de Fryske muzykwrâld.

Want Sebeare bliuwt ferassen: 'Lit ús gean' -allyksa produsearre yn gearwurking mei Harry Zwerver- bringt in grutte fariaasje oan muzykstilen. Mar leafst tolve nûmers beslaan genres fan Rock oant Folk en fan Pop oant Country styl. Neist de karakteristike klanken fan trompet en tromboane binne subtile effekten te hearren fan û.o. piano, hammond, Ierske fluit en in ferskaat oan slachwurk. Dit alles makket de CD ta in tige libben gehiel mei in soad ôfwikseling.


1999-2001

De mannen wolle mear en better en sa komt yn 1999 de twadde CD 'Sterk Wetter' ta stân. Mei dizze CD lit Sebeare sjen dat hja genôch fearkrêft hat foar it nije millennium. Tegeare mei producer Harry Zwerver wurdt der oant yn de fine puntsjes wurke oan arranzjeminten en klankekarakter.

Sa wurdt op oertsjûgjende wize muzyk op heech nivo delsetten, dat net gau yn in hokje te pleatsen is. De nije CD slacht goed oan by it grutte publyk; sawol binnen as bûten de regio binne de nûmers gauris te hearren op de radio. Ek wurdt de muzyk brûkt by de Fryske Kameleonfilm.


1996-1998

Sûnt 1996 is Sebeare sterk ferankere yn Fryslân. Yn dat jier komt de band foar it earst nei bûten mei in tal Fryske nûmers fan eigen hân. Dit hiel eigen lûd kriget al gau it stimpel: 'Fanfare-punk', om't it rock-selsskip oanfolt wurdt troch skerpe koper klanken fan trompet en tromboane. Mei it winnen fan Liet '97 mei it nûmer 'Te folle foar dy' en it útbringen fan harren debuut-CD 'Frjemd sa't it liket' is de trochbraak fan Sebeare yn Fryslân definityf.

<<<<<<<<<<Werom<<<<<<<<<<<<werom <<<<<<<<<<<<<<<werom <<<<<<<<<<<<werom <<<<<<<<<<<<